Oerol: "It wurkjen yn kwetsbere natuer is echt topsport" (2024)

Wendy Kennedy

7 juny, 06:55 3 minuten lêstiid

Oerol: "It wurkjen yn kwetsbere natuer is echt topsport" (2)

It grutste lokaasjeteäterfestival fan Europa is hjoed úteinset: Oerol. It festival programmearret lykas foarich jier op minder plakken, om't it hieltyd lestiger wurdt om yn de kwetsbere natuer fan Skylge te wurkjen.

Der wurdt mear en mear tiid stutsen yn de tarieding, yn nauwe gearwurking mei Staatsbosbeheer.

Win-win: kultuer neist natuer

"It is echt topsport", sa fynt de nagelnije direkteur fan Oerol Mikey Martins. "We moatte in soad witte oer de natuer, de fûgels en de omjouwing. We wurkje gear mei wittenskippers, wyldebiste-eksperts en miljeusaakkundigen. Want hoe makkest in festival yn in wrâld dêr't der mear en mear soargen binne oer ús ympakt op de natuer?"

Er kan altijd een vogel zijn die op het laatste moment denkt: dat vind ik een leuk plekje, daar ga ik zitten.

Oerol wurket al jierren nau gear mei Staatsbosbeheer. "Onder het hele festival ligt een natuurtoets die al veel kaders schept. Elke locatie wordt dan weer apart bekeken aan de hand van de plannen van de makers. Er wordt dan gekeken of het allemaal mogelijk is en of er wellicht moet worden bijgestuurd", fertelt Feline Zwaan fan Staatsbosbeheer.

"Er kan altijd een vogel zijn die op het laatste moment denkt: dat vind ik een leuk plekje, daar ga ik zitten. Dan moet je echt gaan kijken of het op die plek nog mogelijk is of dat we nog wat kunnen doen met maatregelen", ferfolget Zwaan.

Oerol: "It wurkjen yn kwetsbere natuer is echt topsport" (3)

Der moast mar leafst fiif kear wat ferpleatst wurde yn it jier lyk nei corona. "Het komt wel eens voor dat we moeten verplaatsen, maar dat jaar was wel echt een record." Der wiene wat saken feroare yn natuergebieden. "En mensen hadden na corona weer zin om dingen te ondernemen. Dan moet je toch zeggen: het kan niet overal."

Zwaan hat de yndruk dat dat jier wol in kearpunt west hat foar Oerol. "Ik begrijp heel goed dat ze een nieuwe weg in zijn gegaan die meer gericht is op kwaliteit dan kwantiteit."

It jout Oerol neffens har mear lucht. "Er zijn minder locaties in gebruik, waardoor er veel meer ruimte is om te ruilen als er ergens iets broedt, groeit of bloeit wat belemmeringen geeft."

Oerol: "It wurkjen yn kwetsbere natuer is echt topsport" (4)

"Wy binne ek minsken op dizze ierde dy't soargen hawwe oer it klimaat en de natuer", sa seit direkteur fan Oerol Martins. "It wurdt foar ús as festival hieltyd dreger om te foldwaan oan alle fergunningen fanwegen strangere regels. Dat komt fansels om't eltsenien him soargen makket oer de natuer. Ek wy hawwe dizze soarch."

"It team hat hjirtroch leare moatten hiel krekt te wêzen. Ik hoopje dat Oerol hjirtroch just in sterkere organisaasje wurdt." Martins seit dat der yntusken in soad ekspertize by Oerol is oer it wurkjen as festival yn kwetsbere natuer. "We leare noch hieltyd en hooplik kinne we ek oare festivals helpe mei ús ûnderfinings."

Belang Staatsbosbeheer

Staatsbosbeheer stekt altyd in soad tiid yn Oerol. "Je kunt natuur beschermen door plekken af te sluiten. Sommige gebieden hebben dat ook echt nodig. Aan de andere kant kun je ook de natuur beschermen door mensen er juist naar toe te nemen, ze het te laten beleven."

"Wij vinden Oerol een manier waar mensen in aanraking komen met de natuur en zo hopelijk de liefde voor die plekken gaan ontdekken. Dat is ook een vorm van natuur beschermen."

LÊS EK Nije direkteur Oerol siket ferbining mei natuer: "Net grutter wurde, dat is gjin sukses"
LÊS EK Oerol wol net boppe, mar neist de natuer stean
LÊS EK In Italiaan kaam derfoar nei Ljouwert ta: "Dûnsje leart my in soad oer mysels"

Tips fan de redaksje

Hoe't trije wynmûnen Balk daliks waarm hâlde moatte
Wat bart der efter dy doeken by it stasjon fan Ljouwert?
Oant it lêste momint spannend: hoefolle Friezen komme der yn it Europeesk Parlemint?
Kening genietet yn Sint-Jabik: "Mooi om het vuur te zien bij al die vrijwilligers"
FIDEO: Triennen en stipe foar sike Jelte (3): "Het geeft ons vleugels"

Lêste nijs

Fûgel en fisker profitearje fan oerfloed oan mokselsied yn de Waadsee
Liveblog Plysje nei fjochtpartijen It Hearrenfean en Drylts | Tsjûgen socht fan mishanneling yn Britsum en Sint Anne
In ûnderstrûpte keuken yn see by Skylge: "We negeren zichtbare en onzichtbare dreigingen"
't Poepedykhûs wie in hotel foar hantsjemieren: "Se hiene net safolle romte"

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.

Oerol: "It wurkjen yn kwetsbere natuer is echt topsport" (2024)
Top Articles
Latest Posts
Article information

Author: Aracelis Kilback

Last Updated:

Views: 6124

Rating: 4.3 / 5 (64 voted)

Reviews: 87% of readers found this page helpful

Author information

Name: Aracelis Kilback

Birthday: 1994-11-22

Address: Apt. 895 30151 Green Plain, Lake Mariela, RI 98141

Phone: +5992291857476

Job: Legal Officer

Hobby: LARPing, role-playing games, Slacklining, Reading, Inline skating, Brazilian jiu-jitsu, Dance

Introduction: My name is Aracelis Kilback, I am a nice, gentle, agreeable, joyous, attractive, combative, gifted person who loves writing and wants to share my knowledge and understanding with you.