Winst foar partoer Van Zwieten yn Grou | Heechspringer Amels nei finale op EK atletyk yn Rome (2024)

Liveblog | Vandaag 9 juny

Hjir melde we it lêste sportnijs út Fryslân.

Lêst bywurke: Hjoed, 17:02

Hjoed

17:02

Partoer Van Zwieten boekt fjirde oerwinning op frije formaasje

Winst foar partoer Van Zwieten yn Grou | Heechspringer Amels nei finale op EK atletyk yn Rome (1)

It partoer fan Menno van Zwieten, Gabe-Jan van Popta en Tjisse Steenstra hat hjoed yn Stiens de frijeformaasjepartij wûn. Yn de finale wiene sy fiersten te sterk foar Bauke Triemstra, Laas Pieter van Straten en Patrick Scheepstra: 5-0 en 6-4.

Yn Grou waard de frije formaasje by de froulju keatst. It partoer fan Sjanet Wijnia, Louise Krol en Gerde Lycklama à Nijeholt wûn mei 5-1 en 6-4.

LÊS EK Partoer Van Zwieten boekt fjirde oerwinning op frije formaasje

16:53

Winst foar Wijnia en ko yn Grou

Winst foar partoer Van Zwieten yn Grou | Heechspringer Amels nei finale op EK atletyk yn Rome (3)

It partoer fan Sjanet Wijnia, Louise Krol en Gerde Lycklama à Nijeholt hat de frije formaasje keatsen by de froulju wûn yn Grou mei 5-1 en 6-4.

Wijnia waard kroand ta keninginne. Datselde barde freed ek al yn Stiens.

De froulju wiene yn de finale te sterk foar Annet de Haan, Jeska Terpstra en Manon Scheepstra. De hurde wyn hie in soad ynfloed op it spul.

12:57

Heechspringer Douwe Amels hellet finale op EK atletyk yn Rome

Winst foar partoer Van Zwieten yn Grou | Heechspringer Amels nei finale op EK atletyk yn Rome (4)

Heechspringer Douwe Amels hat de finale helle op it Europeesk Kampioenskip yn Rome. De titelferdigener sprong yn syn earste besykjen oer de 2.21 meter hinne.

Op 2.17 meter hie hy twa kear nedich om der oerhinne te kommen. By de 2.21 meter rekke hy de latte efkes oan, mar dy bleau wol lizzen. De bêste tolve hawwe har pleatst foar de finale.

Tiisdeitejûn folget de finale. Om him te pleatsen foar de Olympyske Spelen moat Amels oer de 2.28 meter springe.

sneon 8 juny

18:02

Keatsen yn Moarre-Ljussens wûn troch Sipma, Hoekstra en Zijlstra

It keatsen yn Moarre-Ljussens is wûn troch Johan Sipma, Allard Hoekstra en Erwin Zijlstra. Yn de finale fan it troch-inoar-lotsjen wiene sy mei 5-4 en 6-6 te sterk foar it partoer fan Peter van Zuiden, Hessel Postma en Pieter Jan Leijenaar.

17:34

Hartthijs de Vries op poadium yn Dwars door het Hageland

Hurdfytser Hartthijs de Vries fan Kollum is sneon knap tredde wurden yn de Belgyske koers Dwars door het Hageland. De Vries kaam 11 sekonden nei winner Gianni Vermeersch oer de finish.

De Vries wie, tegearre mei de Belch Vermeersch en de Noar Jonas Abrahamsen, yn de slotfaze fan de wedstriid ûntsnapt. Op goed fjouwer kilometer fan de ein moast hy de oare twa ride litte. Hy kaam noch werom, mar wie kânsleas yn de lêste kilometer.

16:46

Promoasjedream foar Harkemase Boys is dien

Winst foar partoer Van Zwieten yn Grou | Heechspringer Amels nei finale op EK atletyk yn Rome (5)

De dream fan promoasje nei de twadde divyzje is oer foar Harkemase Boys. De ploech ferlear yn de twadde ronde fan de play-offs op besite by Excelsior Maassluis mei 2-1. Earder dizze wike waard it 1-1 op 'e Harkema.

De middei begûn prima foar Harkemase Boys, dat nei 19 minuten op 0-1 kaam troch in doelpunt fan Stefan Deuling. Lang koene Harekiten net genietsje fan de foarsprong, want in pear minuten letter mocht de thúsploech in strafskop nimme. Gabri Urbanes makke der 1-1 fan.

Ferlinging

Nei 90 minuten fuotbal moasten beide ploegen ferlinge. Yn dy ferlinging kopte Bram Wennekes Excelsior Maassluis nei de finale fan de play-offs.

Foar Harkemase Boys sit it seizoen der no op.

16:32

Grou wint Waterpoortrace 2024

It skûtsje fan Grou is winner wurden fan de Waterpoortrace 2024. By dy race sile alle fjirtjin SKS-skûtsjes yn prinsipe moarns en middeis in wedstriid op 'e Snitser Mar.

By de edysje fan sneon waard mar ien wedstriid syld. Middeis stie der in te hurde wyn.

Achter de Grousters wie it twadde plak foar De Lemmer, wylst De Sneker Pan op it eigen thúswetter tredde waard.

16:25

Hurdfytser Jelte Krijnsen rêdt it krekt net op

De fjirde etappe fan de ZLM Tour duorre krekt 200 meter te lang foar hurdfytser Jelte Krijnsen fan Boalsert.

Tegearre mei de Italiaan Davide Gabburo wie Krijnsen as lêste oerbleaun fan in gruttere kopgroep. Dêrby siet ek Elmar Abma fan Wolvegea.

Krijnsen moast úteinlik tasjen hoe't it peloton der noch oerhinne kaam. De winst yn de fjirde etappe wie foar Casper van Uden.

15:29

Dijkstra fjirtjinde yn Dwars door het Hageland

Hurdfytster Anneke Dijkstra fan It Hearrenfean is sneon as fjirtjinde einige yn de Belgyske wedstriid Dwars door het Hageland.

De wedstriid waard wûn troch Lucinda Brand, dy't de sprint fan in grutte groep wûn. Thalita de Jong wie twadde, foar Karlijn Swinkels. Dijkstra kaam 24 sekonden letter oer de einstreek.

14:42

Cambuur hellet sintrale ferdigener út Limboarch wei

Winst foar partoer Van Zwieten yn Grou | Heechspringer Amels nei finale op EK atletyk yn Rome (6)

Sportklup Cambuur hat de twadde nije oanwinst foar it nije seizoen binnen. De klup meldt dat ferdigener Bryant Nieling oernaam wurdt fan Fortuna Sittard. Ofrûne seizoen wie Nieling ferhierd oan MVV.

Nieling, in linkspoat, hat in kontrakt tekene foar trije jier, mei in opsje foar noch in jier.

Lambooij tefreden

"Een moderne en complete centrale verdediger", sa omskriuwt technysk manager Lars Lambooij de nije oanwinst.

"Met zijn 1,94 meter heeft hij natuurlijk een mooie lengte en hij beschikt zowel verdedigend als voetballend over uitstekende voorwaarden. Dat opgeteld bij zijn karakter en wil om altijd beter te worden maakt dat hij goed bij ons past en we heel blij zijn met zijn komst."

09:26

Pawel Bochniewicz net mei Poalen nei it EK

Winst foar partoer Van Zwieten yn Grou | Heechspringer Amels nei finale op EK atletyk yn Rome (7)

Pawel Bochniewicz - ferdigener by sc Hearrenfean - giet nei mei de Poalske fuotballers mei nei it EK. Bûnscoach Michal Probierz hie him wol opnaam yn de foarseleksje, mar nimt him úteinlik net mei nei Dútslân.

Poalen is takom wike snein de earste tsjinstanner fan it Nederlânsk alvetal op it EK. Poalen oefenet moandei noch tsjin Turkije.

11:33

sc Hearrenfean oefenet tsjin âld-Cambuurspiler Bangura

Winst foar partoer Van Zwieten yn Grou | Heechspringer Amels nei finale op EK atletyk yn Rome (8)

Sportklup Hearrenfean spilet yn de tarieding op it nije fuotbalseizoen in oefenwedstriid tsjin it Ingelske Middlesbrough. Dat is de klup fan âld-Cambuurspiler Alex Bangura.

De wedstriid is op sneon 3 augustus yn The Riverside Stadium.

Fierder oefenet Hearrenfean dizze tarieding tsjin de regioseleksje fan Gaasterlân/Sleat, SV Steenwijkerwold, FC Dordrecht en Almere City FC. Fierder steane der op 19 en 27 july oefenwedstriden op it programma tsjin noch ûnbekende tsjinstanners.

22:40

Harkemase Boys moat it sneon ôfmeitsje yn Maassluis

Winst foar partoer Van Zwieten yn Grou | Heechspringer Amels nei finale op EK atletyk yn Rome (9)

Harkemase Boys hat mei 1-1 lykspile tsjin Excelsior Maassluis yn de neikompetysje om promoasje nei de twadde divyzje. It doelpunt fan de Harkiten waard makke troch Iloba Achuna.

Sneon is de return yn Maassluis. De winner fan dizze wedstriid spilet yn de tredde (en lêste) ronde tsjin SC Genemuiden of Blauw Geel '38.

22:38

Bûtenpost degradearret nei seis jier út fjirde divyzje

VV Bûtenpost is degradearre út de fjirde divyzje. De ploech waard yn de neikompetysje útskeakele troch DVVA en moat sa nei seis jier lanlik fuotbal wer werom nei regionaal fuotbal.

LÊS EK Nei seis jier falt it fjirde divyzje-doek foar VV Bûtenpost

15:20

Grutte rige by it Cambuurstadion

Winst foar partoer Van Zwieten yn Grou | Heechspringer Amels nei finale op EK atletyk yn Rome (11)

Der stiet in grutte rige by it Cambuurstadion. Supporters besykje dêr manmachtich om in seizoenskaart te bemachtigjen foar kommend seizoen. De ferkeap dêrfan is fan 'e middei úteinset.

LÊS EK Start ferkeap seizoenskaarten Cambuur soarget foar ûnrêst ûnder supporters

20:42

Oranje spilet 1-1 lyk tsjin Finlân troch flater fan Spitse

Winst foar partoer Van Zwieten yn Grou | Heechspringer Amels nei finale op EK atletyk yn Rome (13)

De fuotbalsters fan Oranje hawwe 1-1 lykspile tsjin Finlân. It like der lang op dat de ploech fan bûnscoach Andries Jonker al in grutte stap sette koe nei pleatsing foar it EK fan takom jier. Mar troch in flater fan Sherida Spitse fan Snits rûn Oranje dochs noch tsjin puntferlies oan. It team hie ek te lijen fan personele problemen, sa sit Kerstin Casparij mei in blessuere.

Trochdat de keepster fan Finlân net skerp wie, kaam Oranje nei in goed kertier op foarsprong. Sy skeat de bal tsjin Lineth Beerensteyn oan, dy't de bal maklik yn in leech doel sjitte koe. De froulju spilen lykwols net goed en yn de twadde helte kaam it ta noch minder kânsen as foar it skoft.

In kertier foar tiid makke Spitse in ferkearde breedtepass. Dêrtroch koe Jutta Rantala úthelje en in doelpunt yn de fiere hoeke meitsje. Sa waard it 1-1.

"Ik moet die bal gewoon wegrammen, maar ik wil het voetballend oplossen. Dan scoren ze, dat is echt balen. Maar wij hebben ook gewoon niet goed gevoetbald. Dit is een terechte uitslag", seit Spitse nei ôfrin.

Koprinner Oranje komt troch it lykspul op sân punten nei fjouwer wedstriden. De nûmers ien en twa pleatse harren fuort foar it EK en foar de oare twa ploegen folgje noch play-offs. It Nederlânsk alvetal slút de EK-kwalifikaasjerige takom moanne ôf mei wedstriden tsjin Italië en Noarwegen.

09:45

sc Hearrenfean jout Trustin van 't Loo nij jierkontrakt

Winst foar partoer Van Zwieten yn Grou | Heechspringer Amels nei finale op EK atletyk yn Rome (14)

sc Hearrenfean hat Trustin van 't Loo in nij ienjierrich kontrakt jûn, mei in opsje foar in ekstra seizoen. De oanfaller makke op 5 febrewaris 2022 al syn debút yn it earste alvetal fan de Feansters, mar krige dêrnei twa swiere blessueres.

De klup hâldt betrouwen yn de 20-jierrige Van 't Loo. "Trustin is een echte vleugelspits", seit Manager Akademy Marten van der Kamp. "Hij is snel, sterk en gaat voor elke bal. Een kracht van hem is zijn doorzettingsvermogen, wat ook tijdens zijn revalidatie goed van pas komt. Met dit nieuwe contract willen we het vertrouwen in hem uitspreken. Hij krijgt nu de optimale voorwaarden om in alle rust te revalideren."

09:30

Wolkom

Yn dit sportbloch hâlde wy dy op de hichte fan it lêste nijs oangeande de Fryske sport.

Winst foar partoer Van Zwieten yn Grou | Heechspringer Amels nei finale op EK atletyk yn Rome (2024)
Top Articles
Latest Posts
Article information

Author: Jonah Leffler

Last Updated:

Views: 6126

Rating: 4.4 / 5 (65 voted)

Reviews: 88% of readers found this page helpful

Author information

Name: Jonah Leffler

Birthday: 1997-10-27

Address: 8987 Kieth Ports, Luettgenland, CT 54657-9808

Phone: +2611128251586

Job: Mining Supervisor

Hobby: Worldbuilding, Electronics, Amateur radio, Skiing, Cycling, Jogging, Taxidermy

Introduction: My name is Jonah Leffler, I am a determined, faithful, outstanding, inexpensive, cheerful, determined, smiling person who loves writing and wants to share my knowledge and understanding with you.